Algemiene taspraak 4 Maaiebetinking


Lykas op in soad plakken yn ús lân en de rest fan ús Keninkryk binne wy aanst stil. Stil om te betinken.

Hjoed, op dizze fjirde maaie betinke wy de minsken dy’t fallen binne yn de Twadde Wrâldoarloch, mar ek de slachtoffers fan de oarloggen dêrnei.

Wy betinke de minsken, dy’t harren libben jûn hawwe foar ús frijheid.

Yn tiden dat frijheid op ’e proef steld wurdt, moatte wy de frijheid steviger omearmje. Frijheid is soms ûngemaklik. Mar de bêste beskerming fan ús frijheid is om altyd kritysk nei te tinken en om ús eigen oannamen tsjin it ljocht doare te hâlden. It tema fan it Nasjonaal Komité 4 en 5 maaie is dit jier De vrijheid omarmd. Europa fielt yn dizze tiid de direkte gefolgen fan oarloch en geweld. Wy sjogge en hearre alle dagen hoe’t slachtoffers fan ûnderdrukking en terreur sykje nei meiminsklikens, nei frijheid. Wy hawwe it foarrjocht om te libjen yn frijheid. Dat jildt net foar de hast sechtich miljoen minsken dy’t op dit stuit op ’e flecht binne foar geweld, oarloch en ferfolging. Dat is mear as yn ’e tiid fan ’e Twadde Wrâldoarloch! Harren syktocht nei frijheid yn in omjouwing fan ûnderdrukking is sa goed te begripen. Wolle wy net allegear frijheid en feilichheid foar ússels en ús bern?

De eangst foar it ûnbekende, foar de terreur fan in minderheid, liedt ta ferhurding fan it debat en ferrûging fan ’e taal. Wy en sy. Wy tsjin harren. Kies de dialooch yn stee fan de wizende, beskuldigjende finger. Haw each foar persoanlike ferhalen en de weardichheid fan elkenien.

Omearmje frijheid. Wa’t kritysk doart te bliuwen yn in tiid fan flugge oneliners lit him net ferliede ta it diskwalifisearjen fan hiele befolkingsgroepen of it folgjen fan in populêre miening. Want it is de rykdom fan ’e nuânse dy’t demagogen en populisten swije lit. En de sizzenskrêft fan it persoanlike ferhaal dy’t ús demokratyske wearden heech hâldt.

Alle jierren betinke wy de slachtoffers fan ’e Twadde Wrâldoarloch en fan al it oarlochsgeweld sûnt doe. Wy betinke yn ’e wittenskip dat de wrâld sûnt 1945 noch gjin dei frij west hat fan oarloch. Omdat wy nea ferjitte meie wat der bard is en ús altyd bewust wêze moatte fan de kwetsberens fan ’e frede en it libjen yn frijheid.

Ek hjoed steane wy twa minuten stil… Stil om alle minsken te betinken, dy’t harren libben jûn hawwe foar ús frijheid.

It is dit jier 75 jier lyn dat de Amerikaanske presidint Roosevelt yn 1941 de Four Freedoms útspruts. Hy ropte op om te striden foar it werombringen fan demokratyske wearden yn ’e wrâld: de frijheid fan mieningsutering, de frijheid fan leauwen, dat je net hoege te libjen yn eangst of mei tekoarten. Sy steane sûnt 1948 yn ’e Universele Ferklearring fan ’e Rjochten fan ’e Mins. Dy rjochten binne net ferâldere. Sy binne fan dizze tiid. Sy jilde altyd en foar elkenien. Omearmje se foar altyd. Omearmje de frijheid en betink de minsken dy’t dêrfoar striden hawwe.